Algemeen

Bram Buruma fan Hallum hat tiisdei 22 maart om likernôch 17.15 oere yn 'e Marrumer Mieden offisjeel it earste ljipaai fan de Fûgelwacht Hallum, Marrum, Ferwert, Blije e.o. fûn. De fynst en de Neisoarchpas 2022 binne yn 'e greide kontrolearre troch Fûgelwachtfoarsitter Marten de Vries en dy hat woandei neffens tradyzje fanôf 1965 de fersulverde wikselbeken útrikt tidens de jiergearkomst. It betsjut dat neisoargers fan de Fûgelwacht fanôf dizze wike allinninch noch yn oerlis mei boeren it eigen neisoarchgebiet yn meie mei harren BFVW-pas 2022. Foto: Marten de Vries